Nederlandse versie

DOARPSHUS DE BINING.

Untstien troch it ôfstjitten fan it kofjehûs ( kosterswente en sealtsje fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke yn Himpens, oan de Skoalledyk.) 

In kommisje, foarme út de ferieningen fan Doarpsbelang Himpens- Tearns en de pleatselike kuorbalferiening Wêz-Fluch, krigen it klear, om de besteande kantine fan de kuorbalferiening, te ferbouen ta in doarpshûs. Dat dit slagge, is te tankjen oan de ynset fan bestjoerders en it grutte tal frijwillegers/sters.Sa koe op 25 Novimber 1989, de Bining, har doarren feestelik iepenje, oan it Leechje 1, yn Himpens. Sûnt die tiid, beskikke wij dus oer in eigen foarsjenning wer`t wij as doarpen tige wiis mei binne. Hjir spilet it ferieningslibben en alle oare doarpssaktiviteiten him ôf. Dat d`r fanôf it begjin oan`t no ta ,altiten minsken ré wiene, om sawol op bestjoerlik as op in oar mêd him/har foar de Bining yn te setten, jout oan, hoe grut it draachflak is, yn in lytse mienskip. 

Elts jier, foar it begjin fan it nije fergaderseizoen, wurdt yn oerliz, mei de gebrûkers, de aktiviteiten-aginda opmakke en foar de groep frijwillegers/sters foar de bar, it skjinmeitsjen, de ûnderhâldsploech en de âld-pepier ophellers, in skema ynfult, wannear`t hja tsjinst hawwe.

Wa meitsje gebrûk fan de BINING: 

·        De fer.fan Doarpsbelang Himpens/Tearns. 

·        De kuorbalfer.Wêz-Fluch, die`t neist har fergaderingen en aktiviteiten, yn`t fjildseizoen, yn de Bining, harren klaai-en waskromten hawwe. 

·        De tenielfer. O.K.K.die`t yn de Bining, beskikt oer in moai teniel en ferljochting.Hja fersoarchje, meastal yn Maert, foar twa útfieringen. ( dit jier op 11 en 18 Maert `06 ) 

·        De frouefer. M.E.I. die`t har progamma oer de wintermoannen ynfult.

·        It V.V.V. (de merke-kommisje ) foar de fergaderingen. 

·        De biljert-fer. Krekt-Mis, die`t eltse wike op freed-te-jûn, de twa biljerts de grutte seal ynskôwe, om dan yn kompetysje út te meitsjen, wêr`t m`n as lid oan `e ein fan it seizoen him/har pleatst.

·        Wurde d`r foar de bern in soos en teniel organisearre, 

·        Isi d`r op woansdei-te-jûn, in Tae Bo groep, tige aktief, wurde d`r fiif blomskik- jûnen holden en is d`r eltse tiisdei-te-middei, in nifelgroepke dwaande.

·        Ek stelt,de Bining, romte beskikber, foar in útlienpost fan de biblioteek. ( yn de wintertiid op freed-te-jûn, fan 18.30 oant 19.30 en yngeande de simmertiid op woansdei-te-jûn ) 

·        Ek kin elts, die`t wat te fieren of de BINING, foar oare saken brûke wol terjochte bij it bestjoer.It agenda-oersicht hat Joke van de Weij (058-2883131) 

Enkele impressies (klik op foto voor vergroting)

Foto's: Bea Hoekstra

 

It bestjoer anno 2009 bestiet út:

Joke van der Weij voorzitter 058-2883131
Afie Jonker secretaris 06-13565941
Willem Bijker penningmeester 058-2122676
Willem Braaksma lid 058-2883789
Anja Lei lid 
Gertjan van der Meer lid 06-13570835
Sippie de Jong lid 058-2886667
Renata Steensma lid 058-2883837

Tia Oosterhuis lid.

Mei,ús frijwillegers/sters, sette wij ús yn, foar de mienskip fan Himpens/Tearns. Wa wit, treffe wij Jo/jimme, lêzer(s) fan dizze site, ek ris yn de BINING.

 

   Start ]